Wurk rânewei Heech set út ein

17 jun 2007 - 12:27

It wurk oan de rânewei fan Heech begjint dizze wike. Ut ekologysk ûndersyk hat bliken dien dat der gjin briedende fûgels sitte op it greidlân dêr't de dyk komme moat. It wurk kin no fuortdaliks los. Lang like it derop dat beswiermakkers de rânewei sa lang tsjinhâlde soene mei prosedueres dat de subsydzjes ferfalle soene.

In moanne lyn hat de Steatsrie dochs grien ljocht jûn foar de rânewei. No woansdei is der in foarljochtingsjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)