Hoogzaad wint yn Droegeham

© Omrop Fryslân
Seppe_Hoogzaad, fytsend foar Kennemerland, hat sneon yn Droegeham de Ronde fan de Kerspelen wûn. Hy wie de rapste fan in kopgroep fan alve man. Johan Procee fan Burgum wie mei in tredde plak de bêste Fries. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard fjirde, Jan Bos fan Nijhoarne fyfde.
De Friesche Leeuw fan Ljouwert en Olympia fan It Hearrenfean pleatsten har foar de finale fan de klubkompetysje.