Schuil fyfde yn Portugal

© Omrop Fryslân
Richard_Schuil fan Ljouwert is mei Reinder_Nummerdor as fyfde einige by it toernoai om de World Tour Beachvolleybal yn it Portugeeske Espihno. It Nederlânske duo ferlear de striid om in plak yn de heale finale fan de Brazilianen Harley en Pedro. De setstannen wiene 20-22 en 17-21
It fyfde plak smiet Schuil-en-dy 360 punten en in jildpriis fan 10.000 Amerikaanske dollars op.