Nije KNRM-loads op It Amelân

16 jun 2007 - 13:23

Op It_Amelân is sneon by Nes in nije rêdingboatloads yn gebrûk naam. Dêr stiet de rêdingboat Maria Hofker, bedoeld om rêdings fan it strân ôf te dwaan. De boat krige de namme fan Koos Veldman, de eardere direkteur fan rederij Wagenborg. Frijwilligers hawwe it KNRM-gebou yn in jier tiid opboud.

It oare rêdingsstasjon stiet yn de Ballumerbocht. Yn Hollum is ek noch in histoaryske hynsterêdingsboat. Dy komt yn aksje as toeristyske attraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)