Spannende finale yn St Jabik

© Omrop Fryslân
Margriet Koelmans, Debora Oosterman en Aukje van Kuiken hawwe freed de útnoegingspartij foar froulju yn St. Jabik wûn.Yn in spannende finale wiene sy mei 5-4 en 6-4 justjes te sterk foar it partoer Hilda Tjepkema, Inge Algra en Afke Hylkema.
De tredde priis wie foar Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Fenna Zeinstra. Aukje van Kuiken waard útroppen ta keninginne. Foar Margriet Koelmans wie it de 1e krâns op in haadklasse partij.