Warkum hat wer muzyktinte

De muzyktinte yn de stedskleuren
De âlde giel-swarte muzyktinte fan Warkum stiet wer op de Merk. Freed is er offisjeel wer yn gebrûk naam. Eartiids joech it pleatslik muzykkorps der konserten yn. Heal jierren santich is de tinte fuorthelle.
Mei jild fan sponsors is er wer hielendal opknapt sadat er no wer op 'e Merk stean kin foar kulturele aktiviteiten. It inisjatyf foar de restauraasje is naam troch it komitee 1100 jier Warkum.