Sloop winkel duorret langer

15 jun 2007 - 17:35

De sloop fan it troch brân skansearre winkelkompleks yn Appelskea duorret in wike langer as tocht. Dat makke de gemeente Eaststellingwerf bekend. Ein maaie gong in hiele supermerk troch brân ferlen yn it doarp.

By it slopen fan it gebou die bliken dat der in soad mei wapene beton wurke is en dat is dreech kapot te krijen. De dyk by it kompleks lâns bliuwt ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)