Hûn oerlibbet fal út auto

15 jun 2007 - 17:08

In skuorke yn it bekken en wat skaaf- wûnen hat Laila oerhâlden fan syn ûngelok. Jan Duizendstra hie de Jack Russel yn syn bestelauto sitten doe't de achterdoar iepen sloech. De hûn foel út de auto wylst dy 120 ried.

Laila leit by te kommen op in kessen yn de keamer. Duizendstra is dalik nei de bistedokter yn Snits riden. Neist de bekkenfraktuer, skaafplakken op de kop en wat plakken oan de poatsjes is de hûn der goed foarwei kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)