Ilanois wol yn Guinness Book

15 jun 2007 - 15:35

De Fryske band Ilanois sil binnen 24 oeren 24 kear optrede yn it hiele lân. De band wol sa yn it Guinness Book of Records komme en tagelyk syn nije single Pouring Rain ûnder de oandacht bringe.

Ilanois sil op 5 july mei in frachtauto it lân troch. Dy wein kin ek brûkt wurde as poadium. De band sil ûnder oare yn Den Helder, Apeldoorn, Hilversum en Amsterdam optrede. Ilanois is no earst noch op Oerol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)