Twangsom rekreaasjebewenners

15 jun 2007 - 11:59

De behearder fan bungalowpark Het Bosmeer yn Noardwâlde is bot ferrast troch de twangsom dy't oplein wurdt oan minsken dy't te lang yn rekreaasjewenten wenje.

Sûnt in lyts jier is de gemeente Weststellingwerf stranger op it wenjen yn rekreaasjewenten. It mei allinnich yn in needsituaasje. Wenje de minsken langer as in healjier yn har tydlik ûnderkommen, dan krije se in twangsom oan 'e broek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)