Flonder Nijskoat tsjin oerlêst

© Omrop Fryslân
In houten flonder moat oerlêst troch jongeren yn de wyk Nijeskoat op It Hearrenfean tsjingean. De flonder komt yn it wetter fan rekreaasjegebiet De Heide te lizzen en is bedoeld om by te swimmen.
De ôfrûne simmers soargen jongeren faak foar oerlêst troch fan brêgen te springen. De flonder is makke troch learlingen fan it Friesland College en meiwurkers fan Talant. Woansdei wurdt er offisjeel yn gebrûk naam.