Bistepark by MCL Harns

© Omrop Fryslân
Op it terrein fan sikehûs MCL en ferpleechhûs De Batting yn Harns wurdt woansdei in bistepark iepene. Yn it park binne skiep, geiten, fûgels en kninen. It bistepark, mei de namme 't Beestenspul, is bedoeld foar pasjinten en besikers fan MCL en De Batting, mar ek oare minsken binne wolkom.
It park is in inisjatyf fan de Rotary Club Harns, Noorderbreedte De Batting en MCL Harns. Bern fan basisskoalle 't Wad yn Harns ha it logo tekene.