Frou raast ynbrekker fuort

© Omrop Fryslân
Troch lûd te razen hat in 48-jierrige frou út Ljouwert in ynbrekker har hûs oan de Emmakade útjage. Se skrok wekker doe't de doar fan har sliepkeamer iepen gong en der in man nei binnen stapte.
De frou begûn te razen, wêrnei't de ynbrekker útnaaide. Hy hie neat meinommen, mar wol allegear guod klearlein, sa as in laptop en in navigaasjesysteem. De plysje is op syk nei de man.