Soad ekstra boaten nei Skylge

It Oerol-effekt: tolve ôffearten nei Skylge op ien dei
Rederij Doeksen set freed in ektra boat yn foar it ferfieren fan Oerol-gongers nei Skylge. Dizze boat is bedoeld foar minsken dy't dochs op 'e gok nei de Harnser haven geane om te sjen at se mei de boat meikinne.
Soks kin eins net mear. Kaarten moatte nammentlik yn't foar reservearre wurde. Om alle Oerol-gongers dochs op 'e tiid op Skylge te krijen, fart der freed tolve kear in boat.