Swiere tiden taksybedriuwkes

© Omrop Fryslân
Taksybedriuwkes krije it dreech yn Fryslân. Dat seit gearwurkingsferbân DVG fan taksyûndernimmers yn reaksje op de oanbesteging fan it learlingeferfier yn Littenseradiel. It relatyf grutte Taxi Súdwest-Fryslân krige de opdracht. It lytsere De Jong foel bûten de boat omreden fan de priis.
Lytse bedriuwen falle faak per definysje ôf by gruttere opdrachten en dat is soarchlik neffens de DVG.