Hernamdt bliuwt foarearst

Froukje Hernamdt
Froukje_Hernamdt bliuwt foarearst oan as wethâlder fan Littenseradiel. De ferwachting wie dat se opstappe soe, as boargemaster Liemburg dat ek die. Dy lêste krige dizze wike in moasje fan wantrouwen oan 'e broek. Liemburg is no noch yn funksje.
Stipe fan it gewestlike en it lanlike PvdA-bestjoer is foar Hernamdt reden om foarearst te bliuwen. Op in ledegearkomste, ein juny, beslút se wat se fierder dwaan sil.