Weryndieling of gearwurking

© Omrop Fryslân
De politike partijen fan Wûnseradiel nimme op 18 juny in earste stânpunt yn oer weryndieling. Dat sil wêze yn 'e kommisjegearkomste. De fraksjes moatte harren dêr útsprekke oer de fraach wêr't op ynset wurdt: gearwurking of gemeentlike weryndieling.
Dat earste stânpunt is útgongspunt foar de diskusjejûnen mei de boargers. Dy wurde yn septimber en oktober hâlden. Ein dit jier sil de ried in definityf stânpunt ynnimme.