'Teaterplan better ûnderbouwe'

14 jun 2007 - 12:16

Snits krijt foarearst gjin twa miljoen fan de provinsje foar in nij teater. Mei it jild soe ek in nij sintrum foar de keunsten opset wurde moatte. De Steateleden fine it plan fan de gemeente noch net goed ûnderboud.

It teater en it sintrum sille inkeld yn de simmer iepen wêze. Doel is om der in toeristyske attraksje fan te meitsjen. Dêrtroch moatte der 50.000 toeristen ekstra nei de stêd komme. It gehiel kostet 29 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)