'Jorwert' bliid mei help

© Omrop Fryslân
It Iepenloftspul Jorwert is bliid mei de tasizzing dat de provinsje it spul helpe wol. It nije kolleezje makke in pear wiken ferlyn bekend dat se de taseine subsydzje fan 125.000 euro net jout. Jorwert hat dat jild nedich om skulden fuort te wurkjen.
De gemeente Littenseradiel en de nije haadsponsor moatte dêrby meihelpe sa fynt de provinsje. Mar de provinsje fynt 'Jorwert' tige wichtich. Foarsitter Van der Wei is bliid.