Harmen bêste foarlêzer Frysk

14 jun 2007 - 11:02

Harmen Schiphof yn Bitgummole is Frysk foarlêskampioen wurden. Hy lies op de Martenaskoalle yn it doarp in ferhaal fan skriuwster Auck Peanstra foar. It is de earste kear dat de foarlêspriis takend wurdt. Ferhaleferteller Mindert Wynstra krige in sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery. De foarlêswedstriid en de berneboekesjuery binne ûnderdiel fan it Fertel- en Foarlêsfestival. Dat wurdt freed ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)