Fytsster oanriden yn Drachten

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op it Kiryat Onoplein yn Drachten is woansdei in frou ferwûne rekke. Se fytste tusken parkearde auto's troch. In 54-jierrige frou út Boelensloane botste mei har auto tsjin de frou op. Se klapte op de motorkap en dêrnei op 'e dyk.
It slachtoffer rekke ferwûne oan 'e holle. In lyts famke dat achterop de fyts siet by de frou, mankearde neat. It famke en de frou binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.