Wytmarsum krijt fakânsjepark

© Omrop Fryslân
By Wytmarsum komt in fakânsjepark mei tachtich lúkse húskes. De provinsje hat dizze wike it ûntwerp goedkard. It park past goed yn it iepen lânskip, fynt de provinsje en it makket goed gebrûk fan de romte yn it nije streekplan.
It park sil Bûtenpleats It Fliet hjitte. Der komt ek hoareka yn en in minigolfbaan. De earste potensjele keapers hawwe harren al meld. It park komt njonken camping Mounewetter.