Heerenveen H House al tradysje

24 mrt 2012 - 14:20

It Heerenveen Holland House moat in jierliks weromkommend evenemint wurde by ynternasjonale reedrydwedstriden. It doel is om de fans út Thialf sa nei it sintrum te lûken. It Heerenveen Holland House is in tinte yn it sintrum fan It Hearrenfean mei festiviteiten dy't te krijen ha mei de WK ôfstannen.

Der binne muzykoptredens en petearen mei minsken út de reedrydwrâld. De organisaasje is yn hannen fan de gemeente en de ûndernimmers. De tinte is noch net grôtfol, en de reaksjes binne wikseljend.

De organisaasje wol dat it Heerenveen Holland House de tiid krijt om in begryp te wurden. It is de bedoeling dat it Heerenveen Holland House takommend jier wer delset wurdt by in ynternasjonaal toernoai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)