Galema: Jorwert meiinoar rêde

14 jun 2007 - 09:26

De provinsje Fryslân wegeret om allinnich 125.000 euro op tafel te lizzen om it iepenloftspul fan Jorwert te rêden. Jorwert sit sûnt it jubileumjier yn 2004 mei skulden. De provinsje wol wol besykje om yn gearwurking mei Littenseradiel en sponsors in oplossing te sykjen.

Galema docht it 'dossier Jorwert' tegearre mei kollega Andriesen, omdat deputearre Jannewietske de Vries yn 2004 foarsitter fan Jorwert wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)