Sosjale wenningbou yn Winsum

© Omrop Fryslân
Winsum yn de gemeente Littenseradiel krijt der 18 sosjale hierwenten bij. De gemeente en wenningkorporaasje De Friese Greiden ha dêr in akkoart oer berikt. De wenten wurde binnen de besteande doarpsgrinzen boud, tusken de Fikarusleane en de Froonackerdyk.
Yn it plan sitte acht hierwenten foar senioaren, tsien twa-ûnder-ien-kapwenten en in tal djoerdere frijsteande wenten.