Gjin reaksje Formsma op krityk

© Omrop Fryslân
Foarsitter Koos Formsma fan SC Hearrenfean wol net reagearje op de krityk fan âld-foarsitter Van der Velde. Dy twifelet oan syn eigen rol as adviseur fan de fuotbalklub en freget him ôf oft dy wol by him past. Boppedat is Van der Velde it net altyd iens mei it belied ûnder syn opfolger Formsma.
Neffens Formsma is it net yn it belang fan de club Hearrenfean om op de útspraken fan Van der Velde yn te gean.