Film oer hynstedrama

13 jun 2007 - 16:45

Der komt definityf in bioskoopfilm oer it hynstedrama by Marrum, yn novimber. De film wurdt makke mei help fan ien fan de rêdsters fan de hynders, Mickey Nijboer. RTL Nederlan hat al in foarfinansiering dien foar de film, dy't oardel oant twa miljoen euro kostje sil. De film moat takom jier mei de krystdagen útkomme.

De hynders stiene yn novimber by heech wetter op in dobbe en koene dêr net weikomme. It drama waard wrâldnijs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)