Tbc yn Hearrenfean

© Omrop Fryslân
By in 27-jierrige ynwenster fan Hearrenfean is tuberculose (tbc) konstateard. It giet om in slim besmetlike foarm fan de sykte. De frou is opnommen yn it sikehûs fan It Hearrenfean. Se wurdt isolearre behannele.
Sunenstsjinst GGD Fryslân begjint in ûndersyk ûnder kontakten yn de direkte omjouwing fan de frou. It giet yn earste ynstânsje om famylje en neiste kunde.