Opskuor oer Oostergo

13 jun 2007 - 13:49

Riedsleden yn Dongeradiel binne der min oer te sprekken dat der útstjoerkrêften oannommen binne by sosjale wurkfoarsjenning Oostergo yn Dokkum. Neffens frou Vellinga fan de ChristenUnie hat de gemeente sels genôch minsken yn de kaartebak.

Neffens wethâlder Boersma giet it om tydlike útstjoerkrêften foar in koarte perioade. It oannimmen fan de útstjoerkrêften soe ek mear útsûndering as regel wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)