'Jou Roobol bestjoer skoallen'

© Omrop Fryslân
Stichting Roobol moat it bestjoer fan de fjouwer iepenbiere skoallen yn Dongeradiel per 1 augustus oernimme fan de gemeente. Dat foarstel is dien yn in gemeentlike kommisje.
Mei de oerdracht kin in amtner útsparre wurde. Roobol krijt dan 560.000 euro foar de administraasje, it behear en bestjoer. Roobol is yn Achtkarspelen, Kollumerlân en Dantumadiel ek ferantwurdlik foar it iepenbier basisûnderwiis.