It Bilt wol fan boustop ôf

13 jun 2007 - 12:09

De gemeente It Bilt hat de Raad van State frege de boustop fan in ferpleechhûs yn Sint Anne op te heffen. De Raad oardielde twa dagen lyn dat de bou stillein wurde moat, om't in groep ûndernimmers in stik as hûndert parkearplakken kwytrekket.

Yntusken wurdt der noch wol boud. Takom wike tiisdei beslút de gemeente wat der gebeure sil. It giet om de bou fan in soarchflat mei 36 ferpleechhûsbêden en oanleunwenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)