'Glêstried mear brûke'

13 jun 2007 - 10:54

Der komt in kampanje om derfoar te soargjen dat mear bedriuwen en oerheden gebrûkmeitsje fan it glêstriednetwurk yn de provinsje. Dat netwurk hjit ek wol Fryslânring.

De kampanje is foaral rjochte op it midden- en lytsbedriuw en op oerheden. Dy moatte neffens de provinsje mear gebrûkmeitsje fan de flugge ynternetferbining. Deputearre Steaten wolle mear as oardel ton jaan oan de Vereniging Fryslânring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)