Oplichters oanholden

13 jun 2007 - 10:23

Fjouwer Roemenen binne tiisdeitemiddei oanholden foar oplichting. De groep besocht nepgouden ringen te ferkeapjen yn de Frijheidswyk en Camminghabuorren yn Ljouwert.

De plysje kaam de groep op it spoar troch in melding. Der is gjin oanjefte dien, mar de plysje tinkt dat de fjouwer Roemenen diel útmeitsje fan in gruttere groep oplichters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)