Stedsferfier nei Connexxion

Connexxion lit dochs yn Ljouwert stedsbussen ride
Connexxion sil de kommende fiif jier it busferfier yn Ljouwert fersoargje. Dat hat deputearre Adema woansdei bekendmakke. De oanbesteging fan it stedsferfier kealle swier. Earst hie gjin inkeld bedriuw belangstelling. Connexxion krijt 2,9 miljoen euro it jier foar de stedsbustsjinsten.
Connexxion docht no it busferfier yn it grutste part fan Fryslân. It bedriuw moat no sels sjauffeurs út Dútslân helje.