Gjin útwei konflikt Connexxion

12 jun 2007 - 22:00

Der is noch gjin oplossing fûn foar it konflikt tusken de direksje en it personiel fan busferfierder Connexxion. It oerlis tiisdeitemiddei tusken de fakbûn en de direksje hat foarearst neat opsmiten.

Der is praat oer de roasters dy't net op oarder binne, de minne kwaliteit fan de bussen en de posysje fan busjauffeurs dy't fan it útstjoerburo komme. Nei skriftlik oerlis oer de kritykpunten, folgje nije petearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)