'Mear jild saken as Vaatstra'

VVD-Twadde Keamerlid Fred Teeven wol mear jild foar 'âlde saken'
VVD-Keamerlid Fred Teeven grypt de saak-Vaatstra oan om te pleitsjen foar mear jild om 'coldcases' op te lossen. Hy hopet dat de saak mei mear jild dochs noch oplost wurde kin. Hy easket fan it regear skriftlike útlis wêrom't der net mear jild beskikber is foar moardsaken dy't op dea spoar sitte.
Tiisdei ferskynde ek it boek fan Bart Bakker oer de saak-Vaatstra. Bakker hat mei sa'n hûndert minsken yn De Westerein en omjouwing praat.