Gravin byset yn grêf Skier

gravin Bernstorff
Op Skiermûntseach is de yn maart ferstoarne Gravin Ursula von Bernstorff bysetten yn it famyljegrêf. De adelike famylje út Dútslân wie de lêste partikuliere eigners fan it eilân. By de bysetting wie ek in neef fan de gravin oanwêzich.
Oant 1945 wiene de graaf en gravin Von Bernstorff de eigners fan Skier. De famylje hat noch besocht it eilân werom te krijen, mar dat slagge net.