PvdA L'diel praat oer rapport

© Omrop Fryslân
It partijbestjoer fan de PvdA yn Littenseradiel praat tiisdeitejûn oer de bestjoerskrisis, ûnder oaren mei in pear riedsleden. De PvdA-leden binne earder net rieplachte oer it rapport- Elzinga. Neffens foarsitter Arie van Vliet fan de PvdA yn Littenseradiel wie dêr te min tiid foar, omdat it rapport tongersdei útkaam. Moandei waard der troch de ried oer praten. It bestjoer sil besjen oft de leden no dochs har miening jaan meie.