Tarvajärvi nei De Graafschap

© Omrop Fryslân
SC Heerenveen-oanfaller Niklas Tarvajärvi (24) wurdt foar ien jier ferhierd oan promovendus De Graafschap. De Finske oanfaller stie ek yn 'e belangstelling fan Sparta Rotterdam en Heracles Almelo, mar sil takom seizoen de oanfal fan de Doetinchemmers fersterke.
Tarvajärvi is der ûnder trainer Gertjan Verbeek nea yn slagge in basisplak te feroverjen. Hy hat noch in kontrakt oant 2011.