Troep op strân nei sportfeest

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan It Amelân is lulk oer de rommel dy't achterbleaun nei it Rugby Beach Festival fan ôfrûne wykein. Sa is der neffens Teuben fan Ameland '82 bygelyks rotsoai ûnder it sân bedobbe.
De gemeente besjocht tiisdei de situaasje en dan krijt de organisaasje fan it rugbyfestival, de Stichting Sportpromotie Ameland, opdracht om it strân sa gau as mooglik skjin op te leverjen.