Soargen oer nij trajekt N381

12 jun 2007 - 10:57

De oanlis fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde rint fertraging op no't de trije kolleezjepartijen in nij akkoart sletten ha oer de oanlis fan de dyk. It trasee is wizige. Dêrtroch binne nije miljeustúdzjes nedich. Dat smyt in protte fertraging op en it kostet ek nochris in soad sinten.

De FNP yn de steaten makket him dêr soargen oer en wol witte oft de ynspraakprosedueres foar neat west ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)