Baas waarnimmer yn Opsterlân

12 jun 2007 - 10:43
Ald-deputearre Ton Baas

Ald-deputearre Ton Baas (VVD) wurdt op 2 july waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Baas sil waarnimme foar Sicko Heldoorn, dy't op dy dei boargemaster fan Assen wurdt.

Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels hat Baas as waarnimmer beneamd nei oerlis mei de fraksjefoarsitters yn de gemeenteried fan Opsterlân. De waarnimming duorret oant dat der foarsjoen is yn de ynfolling fan de boargemastersfakatuere fan Opsterlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)