CdK mei boat achter dief oan

12 jun 2007 - 10:30

De plysje hat moandeitejûn yn Diken in ynwenner fan Toppenhuzen(28) oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn de wente fan kommissaris Nijpels. Hy waard betrape troch de frou fan Nijpels en naaide doe út yn in boatsje. Mei help fan in speedboat fan in buorman koe de plysje de fertochte letter op de jûn oanhâlde op it Prinses Margrietkanaal by Twellegea. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)