Sinkgraven coach H'feanfroulju

© Omrop Fryslân
Ald-proffuotballer Harry Sinkgraven sil it kommende seizoen de earedivyzje froulju fan sc Hearrenfean trene. Sinkgraven wie as fuotballer aktyf foar FC Grins, Zwolle en Cambuur.
Sinkgraven hat it diploma Coach Betelle Fuotbal. Ferline jier treende Sinkgraven tegearre mei Foppe de Haan it Yndonesysk team ûnder 23 jier. By Hearrenfean wurdt Marleen Wissink de assistinte fan Sinkgraven. Wissink is âld-keepster fan Oranje.