Posityf saldo foar Nijefurd

© Omrop Fryslân
De gemeente Nijefurd hat ferline jier 1,3 miljoen euro oerholden. Dat docht bliken út de jierrekken fan de gemeente oer 2006. It positive saldo is foaral it gefolch fan ienmalige ynkomsten, lykas útkearing fan dividend, jild út rinte en in hegere opbringst út leges fan boufergunnings.
It kolleezje fan B&W wol it bedrach opnimme yn de algemiene reserves. Yn de maitiidsnota 2007 is 1,6 miljoen euro beskikber steld.