Boustop ferpleechhûs Sint Anne

© Omrop Fryslân
Yn Sint Anne kin mooglik net fierder boud wurde oan it nije ferpleechhûs achter de supermerk fan Albert Heijn. De Raad van State hat de boufergunning skorst. In groep ûndernimmers hat beswieren omt it gebou op in stik as 100 parkearplakken stiet. Dy wolle de ûndernimmers net kwyt.
De gemeente besjocht tiisdei oft de bou stillein wurde moat. Yn it gebou soene 36 ferpleechhûsbêden komme. Dernjonken komme oanleunwenten.