Nijpels ynljochte oer krisis

12 jun 2007 - 00:02

Fuortendalik nei de riedsgearkomste moandeitejûn hat boargemaster Johanneke Liemburg Kommissaris fan de Keninginne Nijpels op de hichte brocht fan moasje dy't tsjin har oannaam is.

Nijpels sil de moasje tiisdei fierder bestudearre en mei de belutsenen prate. Ek wurdt op it provinsjehûs besjoen wat de te folgjen proseduere is. Liemburg is fan doel om tiisdei gewoan mei har wethâlders op wurkbesite te gean yn Jellum-Bears.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)