Rekreaasjeplan Wytmarsum mei

© Omrop Fryslân
It plan foar 80 rekreaasjewenten by Wytmarsum mei trochgean fan de provinsje. It plan makket goed gebrûk fan de romte dy't it streekplan biedt foar ûntwikkelingen yn it iepen lânskip, fynt de provinsje.
It Fliet sil bestean út 80 wenten, horeka en in minigolfbaan. It plan komt it doarp Wytmarsum ten goede - tinkt de provinsje - omdat ynwenners it grien brûke kinne en toeristen nei it doarp helje sil.