Justysje ûndersiket brief

11 jun 2007 - 17:10

Justysje yn Ljouwert sil it brief oer Vaatstra, dy't snein yn De Telegraaf publisearre waard, serieus ûndersykje. Yn it brief meldt in anonime skriuwer dat de mooglike dieder in searjemoardner wie, dy't in pear dagen nei de moard op Marianne fanút it asylsikerssintrum yn Kollum oerpleatst is. Dêrnei soe er it lân útset wêze.

Heit Bauke Vaatstra seit de brief al in heal jier te hawwen. De moard op Marianne Vaatstra wie yn 1999.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)