Mear bieb-leden yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It tal leden fan de Fryske bibleteken is foar it earst sûnt jierren wer groeid. Neffens de bibleteken fan Noardeast-Fryslân komt dat troch har nije belied. It CBS makke moandei bekend dat lanlik minder minsken lid binne fan in bibleteek. Foaral folwoeksenen sizze harren lidmaatskip op. Ek liene se minder boeken.
Yn Fryslân hat jierren sprake west fan deselde tendins, mar dy is ferline jier ombûchd nei boppe.